Frou by kiel pakt yn Ljouwert

13 nov 2005 - 15:06

In 22-jierrige ynwenster fan Ljouwert spruts in 38-jierrige plakgenoat der sneon op oan yn in winkel oan de Prins Hendrikstrjitte dat er syn pakje sigaretten betelje moast. De man wie hjir net bliid mei. Bûten waard de frou klemriden. De man siet doe op de fyts.

De frou waard ferbaal bedrige. Ek waard se by de jas en by de kiel pakt. De plysje hat de man letter oanhâlden op de Wirdumerdyk. It die bliken dat er ek noch heroïne en kokaïne by him hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)