Aaipop siket noch nij talint

13 nov 2005 - 14:55

De stifting Aaipop siket noch groepen en artysten, dy't har dwaande hâlde mei muzyk yn de eigen streektaal. Aaipop is it grutste Frysk- en streek-Frysktalige muzykfestival yn Fryslân.

Dat nij talint krijt de kâns him te presintearjen op Lytske Aaipop, dat 28 jannewaris hâlden wurdt yn Nijlân. Dielnimmers ha de kâns om op Aaipop te spyljen. Opjeften foar Lytske Aaipop moatte foar 1 desimber binnen wêze. Sjoch ek op www.aaipop.nl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)