Lykspul ONS - Harkemase Boys

13 nov 2005 - 13:14

De Fryske twastriid yn de haadklasse C tusken ONS Snits en Harkemase Boys is einige yn in lykspul. It waard 1-1. Troch in eigen doelpunt fan De Harkema kaam ONS yn de twadde helte op in 1-0 foarsprong. Ynfaller Erich Jongeling skoarde de lykmakker foar de Harekiten.

De oare Fryske haadklasser Drachtster Boys wûn thús mei 2-1 fan Urk. Mei it skoft wie it noch 1-0 foar Urk. Dit is de twadde oerwinning foar Drachtster Boys yn dizze kompetysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)