Sinteklaas krijt Tomkeboekje

13 nov 2005 - 12:53

Sinteklaas hat sneon yn Snits fan boargemaster Brok in boekje fan Tomke krige. De Sint sei yn syn tankwurk oan de boargemaster 'Dat ha jo moai sein' yn it Frysk.

It wie sneon in grutte drokte yn Snits by de lanlike yntocht fan Sinteklaas. De Sint makke earst in tocht troch de stêd. Dêrnei hâlde er in taspraak op in poadium foar de Grutte Tsjerke. De yntocht fan Sinteklaas waard live op televyzje útstjoerd troch de NPS.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)