Trochrider dochs noch oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontemoarn in man opspoard dy't trochriden wie nei in oanriding. Dy oanriding wie om kertier foar seizen op de krusing fan de Troelstrawei en it Valeriusplein yn Ljouwert.
De man melde him net by de plysje, mar op it plak fan de oanriding bleau wol de bumper fan syn auto lizzen. Dêr siet ek it nûmerboerd op. Sa kaam de plysje by in 44-jierrige ynwenner fan Snits. De man hie te folle drank op.