Kettingbotsing yn Boalsert

© Omrop Fryslân
Op de Boalserterbaan yn Boalsert wie freedtemiddei in kettingbotsing. Trije auto's stiene foar in stopljocht. De lêste auto waard fan achteren oanriden troch in auto bestjoerd troch in man (37) út Wytgaard. Hy seach de auto's te let omdat er krekt wat oppakte fan de boaiem fan syn eigen auto.
De oare auto's klapten elk ek wer op de foargonger. Allinnich de foarste auto koe op eigen krêft fierder ride. De oaren moasten fuortsleept wurde.