Akwadukten miljoenen goedkeaper

12 nov 2005 - 15:28

De akwadukten yn de Jeltesleat, by Wâldsein en op de Galamadammen falle miljoenen goedkeaper út as de begrutte 59 miljoen euro. Dat docht bliken út de oanbesteging en gunning fan it wurk.

De trije akwadukten binne ûnderdiel fan it Fryske Marreprojekt. Hjirby hearre ek twa akwadukten by Snits. Dat yn de Houkesleat leit der al en it akwadukt yn de Geeuw wurdt yn jannewaris oanbestege. It wurk set noch dit jier út ein en sil twa jier duorje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)