MFC Wyns/Bartlehiem iepene

© Omrop Fryslân
De doarpen Wyns en Bartlehiem ha in multyfunksjoneel gebou, De Skûle. Nei fjouwer jier fan tarieding, jild garjen en in hiel soad oeren selswurksumheid waard it freed iepene troch inkelde riedsleden.
Neffens de foarsitter fan doarpsbelang, Herman Miedema, is it oan de riedsleden te tankjen dat it gebou der stiet. It kolleezje woe it nammentlik net. It gebou is keppele oan de skoalle sadat der ien gehiel ûntstie.