'Komby-boer hat de takomst'

12 nov 2005 - 13:31

Boeren mei in multyfunksjoneel bedriuw hawwe de grutste kâns om yn de takomst te oerlibjen. Dat sei heechleraar Jan Douwe van der Ploeg fan de Universiteit fan Wageningen op in sympoasium yn Ljouwert ta eare fan It Fryske Gea en de feriening Natuurmonumenten. Beide organasaasjes fiere har jubileum.

Van der Ploeg sjocht takomst yn in kombinaasje fan buorkjen mei natuerbehear en it produsearjen fan sûne produkten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)