Man (54) frijsprutsen fan smaad

12 nov 2005 - 13:01

In 54-jierrige ynwenner fan Aldehaske dy't fertocht waard fan smaad tsjin boargemaster Kuiper fan Skarsterlân, is tongersdei frijsprutsen troch de plysjerjochter yn Ljouwert. Ek wurdt de man net mear ferfolge foar mislediging fan de boargemaster.

De beskuldiging fan it Iepenbier Ministearje wie net goed opsteld. De fertochte hat al jierren spul mei de gemeente. It IM giet yn heger berop om de saak dochs te behanneljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)