Twa dvd's oer Foppe de Haan

© Omrop Fryslân
Der komme twa dvd's út oer it trenerswurk fan Foppe de Haan. De Haan wurke jierrenlang as haadtrener by SC Hearrenfean en is no bûnscoach by Jong Oranje. Op de dvd's sil omtinken wêze foar syn fisy op trening en it trenersfak.
De reden om dat te dwaan, is dat treners sels noait wat op papier sette. As se der net mear binne, giet der in hiel soad kennis en ûnderfining ferlern.