Manouk v.d. Meulen yn Dankert

© Omrop Fryslân
Manouk van der Meulen spilet in wichtige rol yn de spylfilmferzje 'De Swarte Ingel' út de advokatesearje Dankert & Dankert fan Steven de Jong.
Neist Peter Tuinman, Rients Gratama en Gonny Gaakeer spilet de 44-jierrige aktrise de rol fan ferpleechkundige Lucy. Sy wurdt derfan fertocht ûnskuldige âlderen fan it libben te berôvjen troch it jaan fan ynsuline. No snein giet Dankert & Dankert yn premjêre op it Filmfestival yn Ljouwert.