DHL definityf nei Drachten

12 nov 2005 - 10:12

Ferfiersbedriuw DHL sil definityf nijbouwe op it bedriuweterrein Azeven-Zuid, by Drachten. Boargemaster Van der Zaag fan Smellingerlân hat dêr dizze wike de lêste ôfspraken oer makke mei de direksje fan it bedriuw.

DHL bout in nije terminal op it bedriuwepark, op in perseel fan 40.000 kante meter. It is de bedoeling dat takom maityd de earste peal yn de grûn giet. Fanwege de bou yn Drachten slút DHL syn festiging yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)