Meanmasines rinne fêst

12 nov 2005 - 09:01

De besunigings op it ûnderhâld fan iepenbier grien yn Achtkarspelen hawwe nochal wat gefolgen hân. Trochdat de meanmasines minder faak yn aksje kamen, waard it gers te lang en bleau der tefolle gers lizzen. Dêrtroch rûnen de meanmasines de folgjende kear fêst.

Boargemaster en wethâlders wolle foarkomme dat soks takom jier wer bart. Hoe't dat moat sûnder dat it ekstra jild kostet, is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)