Soad saken oplost mei oanhâlding

© Omrop Fryslân
Mei de oanhâlding fan in 28-jierrige ynwenner fan Ljouwert hat de plysje in soad saken oplost. De man hat himsels oanjûn, om't er skjin skip meitsje woe. Hy hat ûnder oare begjin oktober in âlde echtpear op strjitte oerfallen en ûnder bedriging bestellen.
Fierder hat er de ôfrûne moannen yn ferskate auto's ynbrutsen. De man bekende ek dat er seis jier lyn yn in soad karavans en bungalows op kampings yn 't Gooi ynbrutsen hat.