Ferbod gemeentehûs It Bilt

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan de gemeente It Bilt mei net wer sûnder begelieding yn it gemeentehûs komme. De gemeente hat dizze maatregel betocht omdat de man al jierren de amnters fysiek bedriget op it gemeentekantoar.
At de man bygelyks in paspoart nedich hat, moat hy syn besite oankondigje. Dan kin de plysje belle wurde om de man yn de stringen te hâlden. Op dizze wize hopet de gemeente eskalaasje yn de takomst foar te kommen.