LTO wol lânruil foar Waadplan

© Omrop Fryslân
Der moat in goeie regeling komme foar boeren dy 't bûtendyks oan 'e râne fan de Waadsee buorkje. Dat seit Jan Zijlstra fan LTO-Noard. Hij reageart op de plannen fan acht natoerorganisaasjes mei it Waad. Dy wolle de kwelders útwreidzje. Yn guon gefallen betsjut dat dat de boeren ferhúzje moatte. Om dat te kompensearen moat in boer foar eltse bunder grûn bûtendyks dy't hy ynlevert in bunder grûn binnendyks werom krije.