Selstraf foar seksueel misbrûk

11 nov 2005 - 10:37

In man út Harns (50) is feroardield ta 22 moanne sel, omdat er jierrenlang in famke misbrûkt hat. De straf is heger as de eask fan it iepenbier ministearje. Troch it seksueel misbrûk hat it famke foaral psychyske skea oprûn. De man moat har dêrom ek in skeafegoeding fan 10.000 euro betelje.

De advokaat fan de fertochte fynt de straf te heech en hie wollen dat de man fuortendaliks behannele wurde koe, om werhelling foar te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)