Henrico Drost yn Jong Oranje

11 nov 2005 - 09:35

Fuotballer Henrico Drost fan SC Hearrenfean is troch bûns-coach Foppe de Haan taheakke oan de seleksje fan Jong Oranje. Dat team nimt it no snein en woansdei op tsjin Slovenë. Ynset is dielname oan it Europeesk Kampioenskip.

It oproppen fan Henrico Drost hat te krijen mei it grutte oantal blessures yn de seleksje. Oare Hearrenfean-spilers by Jong Oranje binne Jeroen Drost, Boy Waterman en Klaas Jan Huntelaar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)