HZPC presintearret strategy

© Omrop Fryslân
Jierappelhannel HZPC fan De Jouwer hâldt him de kommende jierren dwaande mei de smaak fan ierappels. By it ûntwikkeljen fan nije rassen is dat it belangrykste punt. Oant no ta waard faak bot let op setmoalgehalte, foarm of de resistinsje tsjin sykten.
HZPC presintearret dizze dagen syn nije strategy op de saneamde Potato Days. Dêr komme 700 klanten út 40 lannen nei De Jouwer. De klanten kinne de nijste rassen ek priuwe.