Ritsma sûnder trainer Anema

© Omrop Fryslân
Rintje Ritsma moat it by de World Cup op it iis fan Calgary dwaan sûnder syn trainer Jillert Anema. Anema is oanmeld as fysioterapeut en omdat de ploech fan Ritsma gjin A-status hat, mei hy net op it iis ferskine. Ritsma en Anema binne it net iens mei it beslút, mar meitsje der foarearst gjin wurk fan.
KNSB-bûnscoach Wopke de Vegt sil Ritsma no stypje op it iis. Hy wie earder al trije jier trainer fan Ritsma.