Jong Oranje: stadion útferkocht

© Omrop Fryslân
It Abe Lenstra-stadion op It Hearrenfean is foar takom wike woansdei folslein útferkocht. Dan wurdt de wedstryd Jong Oranje tsjin Jong Slovenië spile. Dat is in belangrike play-offwedstryd.
Kommende snein spilet it alvetal fan trainer Foppe de Haan earst út yn Slovenië. Woansdei 16 novimber is de wedstryd op It Hearrenfean en dêr binne goed 21.000 taskôgers by.