Ferwûne by oanriding Drachten

10 nov 2005 - 14:07

In 74-jierrige frou út Drachten is woansdei ferwûne rekke by in oanriding. By it gemeentehûs fan Drachten stuts se de Gauke Boelensleane oer. Omdat in auto foar har stilstean bleau, tocht se dat se dat feilich dwaan koe.

Mar út deselde rjochting kaam in brommer dy't in fytser luts. De fytser liet op it lêste momint los, skeat by de auto lâns en ried de oerstekkende frou oan. Mei in ferwûning oan de holle is de frou oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)