Bern fergees nei Sinteklaas

10 nov 2005 - 13:50

Bern kinne sneon fergees mei de bus en mei de trein nei Sinteklaas yn Snits. Lykas bekend is de sneon de lanlike yntocht fan de Goedhillichman yn de wetterpoartestêd. De aksje fan ferfierder Noordned is bedoeld foar bern oant en mei tolve jier.

Noordned wol sa jonge húshâldens kennis meitsje litte mei it iepenbier ferfier. Sinteklaas komt sneon om tolve oere oan yn Snits. Dêr wurdt hy nei skatting troch 60 tûzen minsken opwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)