Rioelbelesting net omheech

© Omrop Fryslân
De rioelbelesting yn de gemeente Smellingerlân giet takom jier net omheech. Dat hat de gemeenteried besletten. It kolleezje fan b en w woe de belesting ferheegje om dêrmei de ôfskaffing fan de ûnreplik saak belesting te kompensearjen.
Mar dy is krekt ôfskaft om de boargers mear keapkrêft te jaan. In ferheging fan de rioelbelesting soe dat finansjele foardiel teneate dwaan, sa fine de VVD en CDA yn de ried.