Kultuerbesunigings fan de baan

10 nov 2005 - 12:38

Alle provinsjale besunigings op sport, kultuer, taal en ûnderwiis binne fan tafel. De besunigingsplannen op de kulturele sektor binne woansdeitejûn skrast. Organisaasjes lykas Sport Fryslân, Keunstwurk en Partoer krije no net minder jild.

In amendemint fan kolleezjepartijen CDA, PvdA en VVD oer de besunigings is oernommen troch Deputearre Steaten. De ynstellings moatte wol effisjinter en suniger wurkje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)