Skoallen Harns kin bybouwe

10 nov 2005 - 10:16

De politike kjeld yn Harns oer de nijbouplannen fan in tal skoallen is út de loft. De ried gie woansdei akkoart mei in nij foarstel fan boargemaster Arlman.

Earder woe it kolleezje gjin jild jaan foar nije lokalen foar de basisskoallen yn de binnenstêd. Dat jild komt der no wol. De katolike skoalle kin takom jier al bouwe, de iepenbiere skoalle kin uterlik yn 2008 op nije lokalen rekkenje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)