Kontrôles hoareka Ljouwert

© Omrop Fryslân
Hoareka-ûndernimmers kinne de kommende tiid besite ferwachtsje fan in kontroleur fan de gemeente Ljouwert. Dy sil besjen oft de fergunningen noch jildich binne en oft der wol neffens dy fergunningen wurke wurdt.
De gemeente regelt sûnt trije jier de ferliening fan hoareka-fergunningen. Earder die de plysje dat. It wurdt no tiid om te besjen oft de hoarekasaken har oan de regels hâlde, sa lit de gemeente Ljouwert witte.