'Gjin nije diskusje sintrale as'

© Omrop Fryslân
De diskusje oer de 'sintrale as', de dyk tusken Nijegea en Dokkum, moat net wer gean oer it ferbetterjen fan de besteande ferbining. Dat seit doarpsbelang Feanwâlden. Dy fernimt dat ferskate groepen wer ynsette op it opknappen fan de besteande dyk, omdat se gjin heil sjogge yn de nije dyk dy't troch de provinsje presinteard is.
Neffens doarpsbelang Feanwâlden hat it oanpakken fan de besteande dyk grutte neidielige gefolgen foar it doarp.