Taskerôver oanhâlden

© Omrop Fryslân
De plysje hat in man oanhâlden dy't derfan fertocht wurdt dat er ferskate froulju fan har tas berôve hat. It giet om in 24-jierrige Ljouwerter. De man hat al in tal fan de rôven bekend en hy hat oanwiisd wêr't er in part fan de bút yn it wetter smiten hat.
De man fytste syn slachtoffers foarby en pakte de tas út in fytskuorke of fan it skouder. De plysje hâldt de mooglikheid noch iepen dat der mear oerfallers binne mei deselde wurkwize.