Kreakhûs Gordyk yn de ferkeap

10 nov 2005 - 07:51

De gemeente Opsterlân wol de pleats op De Gordyk, dy't no noch kreake wurdt, ferkeapje. De pleats is ûndertusken by in makelder yn Drachten te keap setten. Opsterlân besiket op dizze manier in ein te meitsjen oan de sitewaasje mei de pleats as kreakhûs.

Wethâlder Henk Hoen hat der fertrouwen yn dat de kreakers de pleats nei de ferkeap ferlitte sille. Dat sil neffens Hoen noch wol trije oant fiif moanne duorje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)