Wenbuorkerij Surhuzum útbaarnd

© Omrop Fryslân
In grutte útslaande brân hat tiisdeitejûn yn Surhuzum in wenbuorkerij yn de jiske lein. Neffens de brânwacht is it fjoer nei alle gedachten feroarsake troch in houtkachel.
It fjoer grypte hurd om him hinne, mei troch it reiten tek. Der wie gjin rêden mear oan foar de brânwacht fan Droegeham en Surhústerfean. De bewenner fan it hûs oan it Koartwâld wie net thús doe't de brân útbruts.