Plysje pakt drugsdealers op

© Omrop Fryslân
De plysje hat de drugshannel yn Ljouwert in grutte slach tabrocht. Tiisdei binne trije dealers en fiif brûkers oanholden. Fierder waard ûnder oare kokaïne yn beslach nommen.
Ien fan de arrestanten, in 39-jierrige Ljouwerter dy't yn syn wenning oan Achter de Hoven oppakt is, hat in grutte rol spile yn de Ljouwert drugsscene. De man is yn it ferline al faker pakt foar it dealen fan drugs. Mooglik folgje der mear arrestaasjes.