Ritsma by ploege-efterfolging

10 nov 2005 - 07:19

Rintsje Ritsma sil takom wykein yn Calgary meidwaan oan de ploege-efterfolging. By de Wrâldbeker rydt de Lemster net allinnich de 5 kilometer, mar mei Sven Kramer en Jochem Uytdehaage foarmet er ek it team Nederlân 2 foar de ploege-efterfolging.

Wrâldkampioen Nederlân 1 (Tuitert, Wennemars en Verheijen) docht ek mei oan de efterfolging. By de efterfolging komme twa teams tagelyk op it iis yn in race oer 3200 meter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)