Mear kultuer yn Weststellingwerf

09 nov 2005 - 10:24

Tonielklups, korpsen en sjongferienings moatte net mear samar alle jierren subsydzje krije. Se moatte faker mei plannen komme foar gearwurking, manifestaasjes of spesjale opfierings. Dat stiet yn de nije kultuernota fan de gemeente Weststellingwerf foar de kommende trije jier.

No krije de kulturele ferienings alle jierren mei-elkoar sawat 850.000 euro. De gemeente wol mear dwaan mei deselde sinten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)