Dyk ôfsluten foar fytsbrêge

09 nov 2005 - 10:23

De A7 tusken Drachten-West en Drachten is tiisdeitejûn en -nacht ôfsletten foar it ferkear fanwege de bou fan De Ring: in nije fytsbrêge fan 70 meter lang. Yn it midden fan de fjouwerbaansdyk is in pylder pleatst.

Freedtejûn wurdt de dyk op 'e nij ôfsletten om alle brêgedielen te befestigjen. Dat wurk moat foar moandeitemoarn klear wêze. It ferkear oer de A7 sil mei buorden omlaat wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)