CHN wint HBO-fraudesaak

09 nov 2005 - 09:58

De Christelijke Hogeschool Nederland, CHN, hat de rjochtsaak wûn tsjin de steatssiktaris fan ûnderwiis. Dy hie de CHN oplein om dik 800.000 euro werom te beteljen oan it Ryk.

It jild wie bedoeld foar studinten dy't ynskreaun stiene by de CHN, mar dy't yn Ruslân staazje rûnen. Neffens de steatssiktaris mei de skoalle dêr gjin jild foar krije. De rjochter wie it net mei him iens. It wie de earste útspraak yn de saneamde HBO-fraudesaak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)