Minid'or foar filmfestival

08 nov 2005 - 16:14

Neist de Matad'or foar de bêste film út de Interregio Competitie op it Noardlik Filmfestival wurdt dit jier ek in Minid'or útrikt. De Minid'or is de priis fan in sjuery dy't bestiet út studinten Media en Entertainment Management fan de CHN yn Ljouwert.

Der dogge acht films mei oan de Interregio Competitie. De studinten beoardielje de films oan de hân fan kritearia dy't sy belangryk fine. De Minid'or wurdt kommende freed útrikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)