Omrop Smellingerlân wer aktyf

© Omrop Fryslân
Yn Smellingerlân wurdt ynkoarten wer in lokale omrop aktyf. Yn maaie dit jier gie Radio Tillevyzje Smellingerlân, RTS, fallyt troch in tekoart fan tsien-tûzenen euro's.
In groep frijwilligers is op it stuit dwaande mei tariedings om begjin takom jier wer mei radio-útstjoerings te begjinnen. Ek is der in nij bestjoer. De apparatuer om radio-útstjoerings te meitsjen is bûten it fallisemint bleaun en eigendom fan de gemeente.