13 yllegalen oppakt

08 nov 2005 - 10:54

De frjemdlingetsjinst hat snein yn Fryslân 13 minsken oanhâlden dy't yllegaal yn Nederlân binne. De minsken waarden oanhâlden yn Sineeske restaurants. Der binne mei elkoar 26 restaurants kontrolearre.

De measte minsken dy't oanhâlden binne, binne fan Sineeske komôf. Se binne nei it útsetsintrum yn Ter Apel brocht. De restauranthâlders dy't de minsken oan it wurk hiene, hawwe hege boetes krigen fan de arbeidsynspeksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)