Heit Hansson net nei Súd-Korea

08 nov 2005 - 09:12

Oanfierder Petter Hansson fan SC Heerenveen giet net mei it Sweedske nasjonale alvetal nei Súd-Korea. Sweden spilet kommende sneon in oefenynterlân yn en tsjin Súd-Korea.

Hansson waard ôfrûne tongersdei foar de earste kear heit en wol de kommende dagen by syn gesin wêze. Hy is der net benaud foar dat er troch syn wegering om no mei te dwaan syn seleksje foar it WK op it spul set. It wrâldkampioenkip is takom jier yn Dútslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)