Cambuur hat in nij bestjoer

© Omrop Fryslân
Fuotbalklub Cambuur hat wer in bestjoer. It nije ynterim-bestjoer bestiet út ynterim-foarsitter Harjan van Dam, ynterim-siktaris Gerard van den Berg en Fred van Gelderen as ynterim-ponghâlder.
In pear wike werom stapte it âlde bestjoer op fanwege finansjele problemen. Cambuur hat foar de ein fan dizze moanne 6 euroton nedich om it seizoen ôfmeitsje te kinnen. As dat jild der net komt giet de klub fallyt.