Printeboek ferskynt yn Súd-Korea

© Omrop Fryslân
It printeboek 'Mûske myn famke' fan Lida Dykstra en tekener Piet Grobler sil yn Súd-Korea ferskine. In Súdkoreaanske útjouwerij yn Seoel hat de rjochten kocht. It boek is neist it Frysk ek al yn it Nederlânsk, it Ingelsk en it Súd-Afrikaansk ferskynd.
Mûske myn famke wie yn 2003 it Fryske aksjeboek foar bern en krige ferline jier de Simke-Kloostermanpriis. It is yn it Frysk útjûn by Bornmeer en yn it Nederlânsk by Lemniscaat.