Simpson hâldt op as trainer Aris

© Omrop Fryslân
Tom Simpson stopt as trainer by basketbalklub Aris út Ljouwert. Simpson wol him folslein rjochtsje op syn soan, dy't slim siik is. Aris sil no op syk nei in nije trainer.
Simpson makke syn beslissing bekend nei de wedstryd tsjin Bergen op Zoom. Dy waard wûn mei 101 - 98. De oerwinning betsjut de earste twa punten foar de Ljouwerters yn de kompetysje. Aris stiet noch wol ûnderoan, mei ien winst- en fiif ferliespartijen.