Undersyk rekkenkeamer nei lêsten

07 nov 2005 - 17:21

It is in goed idee om de rekkenkeamer fan Ljouwert te freegjen om de lêsten yn de stêd te ûndersykjen. Dat seit wethâlder Krol. Hy reagearret dêrmei op in plan fan de VVD-fraksje. Dy wol by de behanneling fan de begrutting in foarstel yntsjinje foar in ûndersyk nei de lokale lêsten.

De VVD wol witte hoe't it kin dat in riidbewiis yn Ljouwert twa kear sa djoer is as yn Venlo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)