Hearrenfean wol mear banen

© Omrop Fryslân
De gemeente Hearrenfean sil mei it bedriuwslibben besykje mear banen te skeppen. Yn in fisy stean 44 projekten weryn't de gemeente en de ûndernimmers gearwurkje sille. Sa soe der in ynnovaasjeplatfoarm komme moatte dat nije ûntwikkelings stimulearret.
Ek soene bedriuwen en skoallen better gearwurkje moatte. Ien en oar moat de kommende tsien jier goed 6000 banen opsmite. Hearrenfean wol alle jierren twa ton útjaan oan it projekt.