Harns krijt mooglik treinmuseum

07 nov 2005 - 11:34

Twa treinleafhawwers wolle in treinmuseum begjinne yn Harns. Fia de stifting Wadloper besykje se de gemeente safier te krijen, dat dêr romte foar makke wurdt. De oankeap fan in âlde Wadloper dy 't no noch foar Noordned rydt, is hast rûn. Dat seit inisjatyfnimmer Gerard Mulder út Harns.

De trein wurdt takom simmer ferwachte. Mooglik is der dan noch gjin museumlokaasje beskikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)