Winst Snits, lykspul De Jouwer

© Omrop Fryslân
Snits hat snein yn de haadklasse de fuotbalwedstriid tsjin Germania wûn mei 4-2. De Snitsers stienen flak nei rêst al mei 3-0 foar, mar lieten de gasten noch gefaarlik ticht by komme. Uteinlik makke Vrieswijk de ferlossende 4-2.
De Jouwer spile yn Oldenzaal gelyk tsjin Quick '20, mei 1-1. De Jousters kamen foar en misten dêrnei in soad kânsen. Dat Quick de lykmakker skoarde soarge dan ek foar in ferfelende weromreis.