Wer taskesrôven yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert binne sneon wer twa froulju berôve fan har tas troch in man op in fyts. Op de Spanjaardsleane waard in frou ynhelle troch in fytser, dy't har tas út har fytskuorke pakte.
Op de Nijstêd waard in frou dy't by in sebrapaad stie ek troch in fytser berôve fan har tas. Hy skuorde it hingsel stikken en fytste fierder. Tongersdei en freed binne yn Ljouwert ek al trije froulju berôve op in soartgelikense wize.