Oanhâldings foar mishanneling

© Omrop Fryslân
De plysje hat snein twa jonges út Emmeloord oanholden fanwege mishanneling. De twa fertochten wiene mei in groep op stap yn De Lemmer. De groep gedroech him ferfelend en krige op de Kortestreek spul mei in stel Lemsters. Dêrby foelen rake klappen.
Nei oanjefte troch de Lemsters koe de plysje de dieders letter oanhâlde op de A6. It buske dêr't se yn sieten moast werom nei De Lemmer en dêr waarden de dieders herkend troch tsjûgen.